Krityk op plak byld Duisenberg

It byld fan Duisenberg mei net op it plak komme fan 'Us_Famke'. Dat fine de riedsleden fan FNP en Leefbaar_Heerenveen. It byld fan Duisenberg heakket neffens de riedsleden neat ta oan it sintrum fan Hearrenfean. 'Us_Famke' soe as werkenningspunt net ferpleatst wurde moatte nei teater De_Posthoorn.
De partijen freegje B en W om nochris nei te tinken oer it bêste plak foar it byld fan Duisenberg.