Ek net-Fryske bagger yn depots

24 jan 2007 - 06:17
  • Deputearre Baas is min te sprekken oer de bagger-ymport

Der wurdt noch hieltyd bagger út de rest fan Nederlân yn Fryske depots opslein. De provinsje kin dêr net tsjin optrede. Oare provinsjes binne net yn steat om binnen har eigen grinzen in plak te finen foar harren bagger.

Yn 2005 besleaten provinsje, wetterskip en 2 eigners fan sânputten om fersmoarge bagger fan bûten Fryslân tsjin te hâlden. De provinsje leveret sels lykwols te min bagger oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)