Ljouwert wol fytstunnel

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert lit ûndersykje oft der in fytstunnel komme moat ûnder it Oostergoplein yn de stêd. Ek wurdt tocht oan in fytsbrêge. Minsken út de rjochting fan Goutum kinne dan folle makliker de stêd ynkomme.
De gemeente komt mei de plannen no't in projektûntwikkelder plannen hat foar de bou fan in appartemintekompleks op de hoeke fan it Oostergoplein en de Overijsselseweg.