Tsjinslach by oanlis wenten

23 jan 2007 - 23:10

Der binne problemen mei de monumintale súdfleugel fan it eardere Bonifatiussikehûs yn Ljouwert. Projektûntwikkelder Slokker_Vastgoed wol dêr apparteminten en hearehuzen yn bouwe. By de bou is lykwols nei foaren kaam dat der tefolle trillingen binne yn it gebou. Der wurdt ûndersocht hoe't dat it beste oplost wurde kin.

Tocht wurdt oan in grutte ferbouwing of oan it slopen en it op 'e nij delsetten fan it monumintale gebou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)