Jan Werle spilet remise

23 jan 2007 - 22:54

Skaker Jan_Werle hat tiisdei yn de 9e ronde fan it Corus_skaaktoernoai yn Wijk_aan_Zee remise spile tsjin Friso Nijboer. Werle stiet no op it 12e plak yn it B-toernoai fan Corus, mei 3,5 punt út 9 duels.

Koprinner op 't stuit is de Frânsman Vachier mei 6,5 punt. Woansdei spilet Werle tsjin Sargissian út Armenië. It Corus_skaaktoernoai duorret noch oant en mei dit wykein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)