Nij postkantoar yn Bilgaard

De brân fan augustus ferline jier
Yn de Bilgaardpassaazje yn Ljouwert giet woansdei in postkantoar iepen. It sit yn de tydlike húsfesting fan de Albert_Heijn-winkel. Klanten kinne dêr terjochte foar tsjinten fan TNT_Post en de Postbank. Der komt ek in jildautomaat. Postbussen komme der net.
It winkelsintrum baarnde ein augustus ferline jier foar in grut diel ôf. In diel is behâlden bleaun. Nei oprêden fan 'e rommel en herstellen fan de skea koene dy winkels wer iepen.