'Doarpsfernijing Koudum faai'

23 jan 2007 - 15:51
  • Koudum:ûnienichheid oer apparteminten

Fjouwer Koudumers hawwe beswier makke tsjin nije apparteminten yn 'e buorren. Dêrmei kinne de plannen foar de doarpsfernijing faai komme te stean, fynt Doarpsbelang.

Koudum wûn ferline jier noch in Europeeske priis foar doarpsfernijing. It doarp stie doe as ien man achter de opkreasplannen. No binne guon bewenners dochs tsjin. Doarpsbelang wiist de gemeente Nijefurd derop dat de fernijing sa yn gefaar komme kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)