Botsingen troch froast

23 jan 2007 - 14:02
  • Blikskea by Dronryp
  • Lange files troch it ûngelok

De froast ferrifele tiisdeitemoarn in soad automobilisten. By Dronryp wiene trije botsings, benammen op en om it fiadukt yn de sneldyk dêr't nij asfalt leit. Ek al wie der sâlt struid, it iepen asfalt waard dochs sjippeglêd.

Ferkear tusken Frjentsjer en Dronryp hat faker te krijen hân mei glêdens op it nije asfalt. Yn beide rjochtings op de autodyk botsten auto's op elkoar. Der rekke gjinien ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)