Skoalfamke komt ûnder de auto

© Omrop Fryslân
By in oanriding op de Valeriusstrjitte yn Ljouwert is in famke (14) út dat plak ferwûne rekke. Se fytste yn in groepke. Op de krusing fan 'e Wagnerstrjitte-Valeriusstrjitte bleaune guonts út 'e groep stean.
It slachtoffer fytste troch en joech gjin foarrang oan in 81-jierrige automobilist út Ljouwert. De man koe it famke net mear ûntwike. Se is mei ferwûnings nei it sikehûs oerbrocht.