'Noard-Nederlân ien provinsje'

Wientjes: Noard-Nederlân ien provinsje
As der ien provinsje yn de Rânestêd komt, soe dat ek yn Noard-Nederlân barre moatte. Dat fynt lanlik foarsitter Wientjes fan ûndernimmersferiening VNO-NCW.
De kommisje-Kok is foar gearfoeging yn 'e Rânestêd. Neffens Wientjes is it goed foar de ekonomy as dat ek yn oare lânsdielen bart. De earste stap soe de gearfoeging wêze fan de amtlike apparaten yn Fryslân, Grinslân en Drinte.