Leech wetter: boattiden oars

23 jan 2007 - 11:09
  • Ferline wike wiene der noch problemen mei de stoarm

Rederij Wagenborg hat tiisdei de feartsjinsten fan en nei It_Amelân oanpast fanwege de tige lege wetterstân. De ôffeart fan healwei alven fan it eilân ôf ferfalt, lykas de ôffeart fan healwei tolven út Holwert wei.

Yn plak dêrfan giet om healwei ienen in boat fan It_Amelân ôf en om healwei twaen ien út Holwert wei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)