Betizing oer streken op dyk

Foarljochtingsboerd griene streek op 'e dyk (foto: Wim Taal)
De griene streek midden op guon diken soarget noch altyd foar ûndúdlikens. De nije belining is twa jier ferlyn ynfierd, mar in soad autobestjoerders witte net wat it ynhâldt. De streek betsjut dat je dêr 100 km yn 'e oere ride meie. Lykwols, de griene streken stean ek op guon 80-km-diken.
In lanlike kampanje moat no dúdlikens jaan. Dy begjint yn febrewaris en sil te hearren en sjen wêzen op radio, televyzje en yn kranten en blêden.