FVC mooglik dochs nei Goutum

23 jan 2007 - 08:09

De kâns is grut dat Fuotbalclub FVC yn Ljouwert dochs ferhuzet nei it Wiarda Sportkompleks by Goutum. In mearderheid fan de gemeenteried is foar de ferhuzing.

Dat die moandei op 'e nij bliken by de kommisjegearkomste. Takom wike moandei moat de ried in definityf beslút nimme. FVC wol graach mei yngong fan it seizoen 2007-2008 nei it kompleks by Goutum, dêr't ek Blauw Wyt sit, omdat de club dêr groeie kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)