Koaikers komme yn aksje

22 jan 2007 - 17:26

In einekoai sûnder einen; dat kin net, fynt de Koaikersferiening en dat driget al te gebeuren. Trochdat it oantal rôfdieren tanimt, ferdwine der alle jierren mear piken. It tal einen nimt ôf en einekoaien wurde sletten.

Foaral ielrigers, krieën en ielskolvers binne in probleem. Troch de nije flora- en faunawet kinne dy net effektyf ferjeid wurde. De koaikers ha in brief skreaun nei Den Haach om hjir omtinken foar te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)