Mûne provisoarysk tichtmakke

22 jan 2007 - 16:44

De Griene Mole op 'e Jouwer is foarearst wer frij fan lekkaazje. De mûne is provisoarysk tichtmakke mei in grut stik seil.

Ofrûne wykein rekke de mûne swier skansearre troch de stoarm. Der sit in grut gat yn it dak. De monumintale spinnekop is boud yn 1800 en moat al eins lange restaureard wurde. Der is lykwols noch hieltiten gjin subsydzje beskikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)