Boalserter park fernijd

22 jan 2007 - 14:36

It Julianapark yn Boalsert is de kommende fjouwer moanne ticht foar it publyk. It park wurdt folslein fernijd en is dêrom net feilich foar besikers.

In grut part fan de beammen wurdt fuorthelle en ek in grut part fan de oare begroeiing ferdwynt. Der komme nije beammen foar yn it plak en ek komt der in nije achthoekige foljêre te stean. De opknapbeurt kostet 600.00 euro. Begjin maaie giet it park wer iepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)