Nije bisteklinyk yn Drachten

Ien fan de earste pealllen wie feestlik beskreaun
Yn Drachten komt in nije bisteklinyk. Fanút de nije praktyk sille sân bistedokters it gebied fan Donkerbroek oant en mei Burgum bestrike. De gearwurking moat liede ta mear spesjalisme. Foarhinne moasten bistedokters in soad witte fan in grut ferskaat oan bisten. Tsjintwurdich wurde se hieltiten mear spesjaliseard oplaad. Om de kwaliteit fan de behannelings te garandearjen, is gearwurking nedich.