Noed oer koperdieverij

Foar sikehuzen kin koperdieverij grutte gefolgen ha
De Fryske sikehuzen meitsje har grutte soargen dat sy doelwit wurde fan koperdieven. Sels as mar in lyts stikje koper fan de wjerljochtôflieding stellen wurdt, kin dat by ynslach rampsalige gefolgen ha foar apparatuer en pasjinten.
Troch de hege metaalprizen wurdt de lêste tiid in soad koper stellen. De grutste wjerljochtbefeiliger fan it lân, Van der Heide út Kollum, hat de lêste tiid in soad ekstra wurk hân.