Wetterlieding sprongen

22 jan 2007 - 10:29

De trochgeande dyk tusken Wommels en Easterein is moandei en in part fan tiisdei ticht foar ferkear. Under de dyk is in wetterlieding sprongen, en de grûn ûnder de dyk is fuortspield. De dyk koe dêrtroch ynsakje.

De Van Sminialeane is troch it wetter sa'n tsien sentimeter optild. De gemeente hellet it asfalt fuort en leit needbestrating. Neffens de gemeente is it wetterliedingnet yn Littenseradiel net al te bêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)