Fergese syktocht om man
De helptsjinsten ha yn de nacht fan sneon op snein by Froubuorren socht om in man dy't mei syn auto fia de berm en in beam yn it wetter rekke wie.
Doe't de plysje by de auto kaam, siet der net ien mear yn de auto. Sjoen de klap dy't de auto makke wie it mooglik dat de man ferwûne wie en earne yn de greiden lei. Mei help fan in hûn en in helikopter is wakker socht, mar de man is net fûn. De plysje hat ek noch by it hûs fan de man sjoen.