Stoarmskea Griene Mole Jouwer

21 jan 2007 - 21:03
  • Der sit in flink gat yn it dak

De Griene Mole op 'e Jouwer hat dit wykein flinke skea oprûn troch it stoarmwaar. De monumintale spinnekop wie al ta oan restauraasje. Troch de minne steat fan de mûne koe de wyn in grut part fan it dak sa meinimme.

It grutte gat dat no ûntstien is moat sa gau mooglik tichtmakke wurde. Der binne al subsydzjes oanfrege foar de restauraasje. It dak sil nei alle gedachten earst mei plestik tichtmakke wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)