Dakarteam 72ste yn einstân

Roelof Koning en Marcel Schoo feilich oer de einstreek yn Dakar
De Dakar-rally dielnimmers Marcel Schoo en Roelof Koning fan Wolvegea binne snein mei harren Jeep yn Dakar oer de einstreek kaam. Yn de lêste etappe oer it strân einigen se nei 16 kilometer as 42ste. Dat wie dik trije minuten stadiger as de winner. Yn it algemien klassemint einigen se op it 72ste plak.
De rally is beide mannen foaral yn de earste wike swier fallen. Mar dêrnei gie it better seinen se.