Iensidich ûngelok yn Harns

© Omrop Fryslân
In 22-jierrige Harnzer is sneontejûn oanholden troch de plysje. Hy hie op de Leeuwerik in iensidich ûngelok feroarsake. Yn it midst fan de nacht krige de plysje in melding dat in auto tsjin in beam botst wie.
Doe't de plysjes op it plak kamen, troffen se in swier skansearre auto tsjin in beam oan. Even letter dûkte de Harnzer op. Hy hie gjin rydbewiis en hie yn de auto riden sûnder tastimming fan de eigner.