Riedsfergadering op televyzje

21 jan 2007 - 13:54

Ynwenners fan de gemeente Dongeradiel kinne no tongersdei foar it earst in riedsfergadering fan de gemeente op televyzje sjen. Op it tv-kanaal fan Noardeast-Fryslân wurdt de fergadering mei twa kamera's folge.

De gemeente ferwachtet dat op dy wize boargers mear by de polityk belutsen reitsje. De lûdsopname is letter op de webside fan de gemeente te beharkjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)