Ferskate ferkearskontrôles

Ferskate ferkearskontrôles fannewike op de Fryske diken
Der wurdt moandeitemoarn kontrolearre op te hurd riden op de rûnwei fan Dokkum by de ôfslach Westergeast. Op woansdeitemiddei stiet de plysje te flitsen op de N381, de dyk fan Drachten nei Appelskea, by de ôfslach Donkerbroek.
En op freed wurdt der op snelheid kontrolearre op de dyk tusken Ljouwert en Boalsert. Op dy N359 stiet de plysje by de ôfslach Wommels en Winsum.