Flyers winne fan Geleen

© Omrop Fryslân
De iishockeyers fan de Vadeko Flyers wûnen sneontejûn mei 4-3 fan konkurrint Geleen. De oerwinning kaam nei in spannende wedstriid ta stân yn in penalty-shootout. Freed wûn Hearrenfean ek al fan Nijmegen.
De Flyers dogge troch de oerwinnings goede saken yn de striid om in play-off plak. De Feansters steane no stevich op it fjirde plak mei 16 punten ut 12 wedstriden. It fjirde plak jout rjocht op de play-offs.