Vitens test nije techniken

Wetterbedriuw Vitens hat hast 3 ton subsydzje krigen foar it ûntwikkeljen en testen fan nije wettertechniken. De subsydzje komt fan it Samenwerkingsverband Noord Nederland. Yn Noardburgum stiet in proeftún fan Vitens. Yn dat laboratoarium teste meiwurkers nije techniken, bygelyks hoe't op in slimme wize yn hûs wetter besparre wurde kin.
Mei dy techniken kin de priis fan wetter yn de takomst miskyn wol nei ûnderen.