Ofskie brânwachtkommandant

© Omrop Fryslân
De brânwacht fan Skiermûntseach hat sneon op ludike wize ôfskie nommen fan kommendant Misker. Hy hat 22 jier by de brânwacht sitten. Kollega's hiene op in eilantsje midden yn 'e iisbaan pakken strie yn 'e brân stutsen. It alarm gie ôf en de kommandant moast troch it wetter nei de brân ta rinne.
De boargemaster en de plysje wiene by it ôfskied oanwêzich. Offisjeel hâldt Misker op 1 febrewaris op mei syn wurk.