Fertochte Ooms bliuwt fêst

20 jan 2007 - 13:54
  • It IM kin net bewize dat de fertochte yn de saak Ooms op it plak fan de moard west hat

It Iepenbier Ministearje kin net bewize dat de fertochte yn de saak-Ooms op it plak fan de moard west hat. Dat seit syn advokaat. Ooms waard yn oktober dea fûn yn syn hûs yn Haulerwyk. De fertochte melde him in moanne letter by de plysje.

It IM hâldt him fêst, ek al luts er syn ferklearring yn. Neffens de advokaat is der gjin belestende ynformaasje bykommen. Mooglik komt de saak yn febrewaris foar de rjochter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)