Boot Düsseldorf docht fertuten

© Omrop Fryslân
Fryske boatebedriuwen stean dizze dagen wer op de wettersportbeurs Boot Düsseldorf. It giet om ferhierders en bouwers fan boaten. De ûndernimmers binne yn twa ferskate hallen te finen,
Op Boot Düsseldorf binne mei-inoar santjin hallen. Mear as 1600 bedriuwen út fyftich lannen presintearje harren dêr oan it publyk. Direkteur Hendriks fan promoasjeburo Friesland-Holland tinkt dat de beurs nije klanten opsmite sil.