Binnenfeartskip yn need

20 jan 2007 - 12:53

De rêdingsboaten fan de KNRM fan De Lemmer en Urk binne sneontemoarn útrukt foar in binnenfeartskip yn swierrichheden. It skip is djip laden en hat help ynroppen om troch it minne waar te kommen. Doe't de rêdingsboat by it skip oankaam, foel ek noch de haadmotor út.

Mei in sleep wurdt besocht it skip nei Lelystêd te bringen. De frou en trije bern fan de skipper binne mei de rêdingsboat ôfset yn Urk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)