Dakarteam as 62ste oer streek

© Omrop Fryslân
De jeep fan Marcel Schoo en Roelof Koning út Wolvegea is freed yn de 13e etappe fan de Dakarrally as 62ste oer de finish kaam. De kombinaasje hie in achterstân fan sawat trije en een heal oere op 'e winner.
Schoo en Koning steane no 69ste yn it algemien klassemint. Sneon giet de etappe fan Tambacounda nei Dakar oer 576 kilometer. Snein einiget de rally mei in etappe op it strân fan Dakar.