Brachiosaurus is klear

19 jan 2007 - 16:18

Nei twa wiken fan puzeljen is er klear: de brachiosaurus yn it Natuermuseum yn Ljouwert. It wie spannend oft it bist fan 23 meter lang en 13 meter heech yn de binnenseal fan it museum passe soe. Freed gie de kop fan it meunster derop.

De brachiosaurus libbe 125 miljoen jier lyn. De makker fan de replika is Aart Walen. It bist is oant ein febrewaris te sjen. Dêrnei giet it bist nei it Oertijdmuseum yn Boxtel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)