Enkête fleanfjild Drachten

der komt in enkête oer it fleanfjild fan Drachten
De PvdA-ôfdieling Smellingerlân hâldt yn febrewaris in enkête oer in nij en grutter fleanfjild by Drachten. De hjoeddeistige airstrip makket oer in pear jier plak foar huzen.
Boargemaster Middel hat al oanjûn dêrnei yn te setten op in folweardich fleanfjild mei romte foar bedriuwen. De PvdA-enkête is bedoeld de diskusje ûnder de befolking op gong te bringen. Ek wurdt frege oft der ek plak komme moat foar de legale strjitracers.