Soad skeameldingen

19 jan 2007 - 13:46

De stoarm hat yn Fryslân foar miljoenen euro's oan skea oanrjochte. Dat seit wurdfierder Tiemersma fan fersekerder Achmea. Lanlik wurdt it skeabedrach op 160 miljoen euro rûsd. By Achmea binne tûzenen meldingen fan skea binnenkommen. Dat binne der fiif kear sa folle as op in gewoane dei.

By de call-centra binne ekstra minsken ynset om alles ferwurkje te kinnen. De claims geane benammen oer skea oan huzen en auto's.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)