Wetterskip drok mei kontrôles

De stoarm hat hast gjin skea tabrocht oan de seediken. Op It Amelân hat it gers by de seedyk wat skea oprûn, mar op Skylge en de fêste wâl is neat fernield. Dat meldt Wetterskip Fryslân. Meiwurkers fan it Wetterskip binne freed dwaande om de kust en de boezemstannen te kontrolearjen.
Op de seedyk by Harns leit in soad ôffal dat troch de stoarm oanspield is. Der leit ek in grutte markearingsboei fan meters heech.