In soad omwaaide beammen

19 jan 2007 - 10:48
  • de âlde kastanjebeam fan de famylje Veenstra yn Surhústerfean is by de stam ôfknapt
  • stoarm op it Makkumer strân, foto fan Gerkje de Jong

De plysje hat it tongersdei drok hân mei de gefolgen fan de stoarm. Rûnom waaiden beammen om. In man (42) út St. Anne rekke ferwûne doe't in beam op syn auto foel. Yn Akkrum ried in automobilist (44) út Snits tsjin in omwaaide beam. Syn auto rekke swier skânsearre. Ek in soad huzen en bedriuwen rûnen skea op.

Yn Snits hat de brânwacht hat de glêzen pei fan in flat fuorthelle. Yn Marsum foel in beam op in auto.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)