Doeksen lit nachtboat farre

fearboat Oerd besiket tongersdei by Holwert oan wâl te kommen (foto: Lieuwe Oldersma)
Rederij Doeksen lit yn de nacht fan tongersdei op freed in ekstra fearboat fan Skylge nei Harns farre en wer werom. De boat giet om 02.00 oere fan Skylge nei Harns en om 04.00 oere freedtemoarn fan Harns nei Skylge.
De nachtlike tsjinst is nedich foar it ferfieren fan fracht dat tongersdei net ferfierd wurde koe. Minsken dy't fan it eilân ôf wolle, of der krekt graach hinne wolle kinne ek fan 'e nachtlike fearboat gebrûk meitsje.