Treinen ride net, bussen diels

18 jan 2007 - 19:39

Der ride fan no ôf fanwege de stoarm yn it hiele lân gjin treinen. ProRail hat dat bekend makke. Neffens ProRail is dat de earste kear sûnt 1990 dat sa'n maatregel nommen is. It is ûnferantwurde om om noch treinen ride te litten troch alle skea oan de boppeliedings.

De bussen fan Arriva ride noch wol. De bussen fan Connexxion binne fan de dyk helle. Foar hoe lang is net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)