VVD set yn op ûnderwiis

© Omrop Fryslân
Better basisûnderwiis is ien fan de spearpunten foar de VVD by de kommende Steateferkiezings. De partij wol ekstra sinten beskikber stelle foar ferbettering fan it ûnderwiis. It program is tongersdei presintearre troch listlûker deputearre Baas.
De partij fynt ek dat der jild komme moat foar starterswenten en plattelânsprojekten. Listlûker Baas set yn op 6 sitten yn 'e steaten. Hy wol ek graach deputearre bliuwe.