Dakguod waait fan tankstasjon

18 jan 2007 - 15:58

De Grinzerstrjitwei yn Ljouwert tusken de Vondelingwei en it Frijheidsplein is yn beide rjochtings ôfsletten. Der waait dakmateriaal fan in tankstasjon oer de dyk. De A32 is by de ôfslach Havelte blokearre troch in omfallen frachtwein. Rjochting Meppel stiet in file.

De beide Fryske deiblêden falle tongersdei mooglik net by de abonnees troch de bus. De útsutelders dy't dat dogge kinne ferfiersproblemen hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)