Dak fan winkel ôfwaaid

18 jan 2007 - 14:20

Yn it sintrum fan Surhústerfean is it dak fan de Expertwinkel ôfwaaid. In part dêrfan is telâne kaam op parkearde auto's. Ek yn de Prinsetún yn Ljouwert is in beam omwaaid.

Guon middelbere skoallen stjoere learlingen nei hûs ta. It giet ûnder oare om it Comenius en OSG Piter Jelles. Ek OSG Sevenwolden stjoert de bern nei hûs ta. Bern fan bûten Grou dy't net troch ophelle wurde kinne, wurde troch leararen thúsbrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)