Problemen mei rioel op Flylân

© Omrop Fryslân
Fan it eilân Flylân komme meldings fan wetteroerlêst. De brânwacht meldt dat. De oerlêst is yn de Doarpsstrjitte en mei de riolering te krijen. Op it eilân is de klep yn de dyk sletten om seewetter tsjin te hâlden.
Fanwege de stoarm wurde de brêgen yn de gemeenten Ljouwert en Boarnsterhim net betsjinne. Dat jildt ek foar de provinsjale brêgen by Deinum en Ritsumasyl en de Keningsbrêge by Harns.