Skea yn ferskate doarpen

18 jan 2007 - 13:35

Op De Gordyk waaie stikken fan it dak fan oanleunwenten fan de Miente oan De Hoop. Ek stikken fan de stiennen râne waaie derôf. De branwacht is ynskeakele de brokstikken op te rêden.

Yn Easterwâlde is in beam omgien by it swimbad yn de buert fan de Lage Haer. In oare beam oan deselde strjitte driget ek om te waaien. Yn Oerterp is it dak fan it iisbaanhokje ôfwaaid. en op 'e dyk bedarre. Der binne ek noch in pear beammen rekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)