Sinken plaat fan dak ôfwaaid

18 jan 2007 - 11:41

Yn Harns is tongersdeitemoarn in sinken plaat fan sawat in meter by in meter grut fan in wenhûs waaid. Dat wie oan de Noordijs. De plaat kaam op de grûn terjochte en hat fierder gjin skea feroarsake.

De bewenners fan it wenhûs hawwe besocht om it dak op te gean om foar te kommen dat der noch mear stikken fan it dak waaie. Troch de stoarm boazet de wyn bot oan yn krêft.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)