Beammen omwaaid troch stoarm

18 jan 2007 - 11:39
  • Rûnom yn Fryslân waaiden in soad beammen om (foto Henny de Kroon)

Yn Easterstreek binne tongersdei trije beammen omwaaid op de trochgeande dyk. Ferkear tusken Boyl en Noardwâlde koe der noch krekt del, mar moast wol oer it fytspaad ride. Omwenners wiene benaud foar gefaarlike sitewaasjes en warskôgen de helptsjinsten. Dy binne dwaande om de beammen fuort te heljen.

Yn Boksum is in beam omwaaid oan it Scheltemahiem. De beam is tsjin it dak fan in hûs oanwaaid en dat hûs hat aardich wat skea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)