Swiere stoarm op komst

17 jan 2007 - 22:37
  • Heech wetter ferwachte troch de stoarm

In swiere stoarm lûkt tongersdei oer Fryslân. Der kinne útsjitters oant wynkrêft 12 foarkomme. Dat is orkaan- krêft. Ferkear wurdt warskôge foar swiere wynstjitten.

Op guon plakken binne foarsoarchs- maatregels nommen. Op Flylân en Makkum binne sânsekken fold. Op Flylân om de huzen oan de kade te beskermjen en yn Makkum as beskerming fan de bûlevard. It wetter stiet dêr al heech en der is sân fuortspield.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)