Agresje op Earste Help

22 mrt 2012 - 14:42

In pasjint dy't him misdraacht ferspilet syn rjocht op soarch, fynt minister Edith Schippers. Dêrom moatte sokke pasjinten nei hûs stjoerd wurde. Mar neffens de meiwurkers fan it MCL yn Ljouwert binne sokke pasjinten noait samar agressyf. Der wurdt dêrom altiten socht nei de reden fan de agresje. Bygelyks oft de pasjint ferkearde medisinen brûkt of in psychysk probleem hat.

Teamlieder Anno Huisman fan MCL fynt it dan ek te simpel om agressive pasjinten mar gewoan nei hûs te stjoeren

Trefwurden: 
MCL agresje earste help
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)