Wurk Fonejachtbrêge útsteld

17 jan 2007 - 17:04

De pleatsing fan de earste 23 lizzers fan it súdlike part fan de Fonejachtbrêge by Garyp hat fertraging oprûn. Yn ferbân mei it minne waar binne de hijswurksumheden útsteld oant nije wike moandei.

It skipfeartferkear moat moandei en tiisdei rekken hâlde mei in mooglik opûnthâld fan in oere tusken moarns sân oere en jûn acht oere. Ofrûne moandei is in begjin makke mei it pleatsen fan yn totaal 46 lizzers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)