'Underwiis moat ambisjeuzer'

17 jan 2007 - 16:32

It ûnderwiis yn Fryslân is net ambisjeus genôch. Dêrtroch bliuwt it gemiddelde nivo fan de learlingen, foaral op it plattelân, fierste leech. Dat seit kommissaris Nijpels.

Neffens Nijpels binne leararen, learlingen, mar ek âlden te gau tefreden mei in VMBO-diploma as HAVO en VWO net yn de buert oanbean wurde. In mentaliteitsomslach yn it ûnderwiis soe dêrom needsaaklik wêze. Ek in spesjaal ferfierssysteem soe helpe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)